Oaljekoeken bakke
De jûns foar âldjiersdei wurdt de Wjukken klear makke sadat kuorbal en keatsjeugd de oare deis fuort los kin. Flierbedekking wurdt lein sadat nei de tiid it skjinmeitsjen wat minder dreech is. Frituurbakken wurde skjinmakke en klearset, dan komt de oalje d’r yn Mar d’r giet wat mis, de flam yn de panne! Gau it deksel d’r op, mar dat jowt net it winslike effekt, de flammen slaan noch ta de frituurbak út. Koart oerlis folget ”moat de nije brânwarrende tekken d’r oerhinne of net”. Hja komme ta de konklúzje dat in nije tekken minder kostet dan in nij gebou, dus de tekken d’r oer, wat fertúten docht. Brânwacht ridder Pier wurdt ynskeakele en hy konstatearret dat de Wjukken lokkich beskikt oer in kwaliteit stekken dy’t de boel rêdden hat. Alle doaren komme iepen om te luchtsjen en de boel wurdt wer skjinmakke. Tsjin tsienen stiet alles klear! De oare moarns om seis oere giet it los Under lieding fan Baukje helje Jouke en Wisse de boarmasine foar’t ljocht en wurdt d’r mikst. De amers wurde ôfdutsen mei in tédoek en wurde nei boppen brocht om by de ferwaarmingssjettels goed rize te kinnen. Neffens it ynfulde skema stiet om kertier oer seizen de earste amer by de boiler, dy’t om sân oere ophelle wurdt. Mei iisleppels wurdt it beslach yn it hite fet deponearre. Om kertier oer sânen lizze de earste oaljekoeken op it gaas út te lekken. De earste 500 oaljekoeken geane nei Wiuwert en Britswert. Yn de rin fan de moarn komme de besoargers en om healwei alven start de losse ferkeap. Tradisjoneel wurdt d’r foar de oaljeballebakkers Chinees iten helle. Om healwei fiif oere is alle moal ferwurke ta krapoan trije tûzend oaljeballen Foar in part wurdt de boel opromme en noch efkes neisitte mei in gleske fris, in wyntsje of in bierke. De ponghâlders fan kuorbal- en keatsferiening kinne foldien de âldjiersnacht yngean. De beide kassen wurde spekt mei rom € 500,00, in prachtich resultaat. Mei tank oan in entûsjaste groep jongeren fan kuorbal- en keatsferiening!
Geplaatst op 02 January 2014